Gaos yn it sikehûs

01-02-2024 JOURE – It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak – fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik.

Haadsuster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Jan–Pieter (JP) en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Jeltsje, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor.

Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…?

kaarten binne €12,50 yn de foarferkeap en begjint moarntejûn om 20.00 oere. Foar de foarstelling fan sneon syn gjin kaarten mear beskikber. Kaarten binne te keap by Primera Joure