Janneke Warringa wint Fryske taal- en kultuerpriis

07-06-2025 LEMMER – Yn beachclub Lemmer oerhandige wethâlder Chris van Hes fan a wiike de sjek fan 750 euro fan de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 oan de Lemster sjongeres Janneke Warringa.

De sjuery (Chris van Hes en Meindert Tjerkstra) oer de winneres: “Janneke Warringa is in echte ambassadrise fan de Fryske taal en kultuer yn De Fryske Marren. Se sjongt en praat Frysk, bygelyks by har teaterprogramma Ubuntu, mar ek yn oare kontakten. Se wit in soad minsken yn kontakt te bringen mei ús moaie taal. Se ferbynt en rekket minsken op ferskate wizen troch it brûken fan it Frysk. Dêrom fertsjinnet se de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren.”