Yn jannewaris 2021 gjin 35e Nijjiersrevu op ‘e Jouwer

19-11-2020 JOURE – It folsleine team efter Nijjiersrevu De Jouwer hie der sin oan en de spilers binne yn septimber dan ek mei nocht oan de repetysjes foar de 35e Nijjiersrevu begûn. Fansels wol mei yn de efterholle dat de útfieringen miskien net trochgean koene yn jannewaris 2021.

It like noch hoopfol doe: der mochten 70 minsken yn de seal fan ’t Haske sitte. Dat wie lykwols folle minder as oars, mar it koe! Der moasten hoe dan ek oanpassingen dien wurde, mar dêr is de ploech kreatyf genôch foar, dus it koe! De repetysjes wiene oars as oars, mar de spilers koene genôch ôfstân fan elkoar hâlde en folgen ek alle oare maatregels kreas op, dus it koe!

En dochs ha sy nei de parsekonferinsje fan 3 novimber ek belies jaan moatten. Yn elts gefal twa wiken (en miskien wol langer) koe de revuploech net live repetearje. Boppedat wie yntusken it maksimale oantal besikers yn teaters en sa wat hinne bystelt nei 30 minsken. In foarstelling mei mar 30 taskôgers is gjin revu sa as Nijjiersrevu de Jouwer it graach wol. Jo kinne in 35-jierrig jubileum net fiere mei mar in fraksje fan jo fêste publyk, is de ploech fan miening.

Foarsitter Durk Brouwer seit hjiroer: “Wy hawwe mei de spilersploech it beslút naam om de repetysjes te stopjen en de 35e Nijjiersrevu in jier út te stellen. Spitich fansels, mar wy wisten dat dit barre koe. Dat betsjut net dat wij yn jannewaris 2021 net fan ús hearre litte.”

Wat Nijjiersrevu De Jouwer fan doel is dit winterskoft moatte jimme mar ôfwachtsje. Mar ik bin der wis fan dat de ploech op harren eigen kreative wize, der in positive draai oan jout om sadwaande it publyk alfêst waarm te meitsjen foar de 35e Nijjiersrevu yn jannewaris 2022!