“Wy dogge noch in rûntsje!


31-12-2017 JOURE – Op 6, 12 en 13 jannewaris yn ‘t Haske op ‘e Jouwer by de Nijjiersrevu. Want boppesteande titel is tagelyk it tema fan de 32e Nijjiersrevu. “Wy dogge noch in rûntsje!”, wêr tinke jo dan oan? Fansels, oan in gleske fan it ien of ‘t oar mei elkoar drinke. En oan de rotonde fan ‘e Jouwer, mar die is der no net mear…

Dochs witte de minsken fan Stichting Nijjiersrevu de Jouwer noch wol wat oer ús rotonde te fertellen en te sjongen. Dat hat elkenien ek al sjen en hearre kinnen by it ôfskied fan de rotonde op 14 oktober. Doe stiene hja der ek kreas en fleurich op mei harren sankjes op it poadium en yn it treintsje al ridende oer de rotonde. Sûnt ein augustus stiet by de 18 spilers/ muzikanten en harren begelieding de tiisdeitejûn alwer yn it ramt fan de revu. De earste wiken leit de klam foaral op de muzyk, geandewei komme de sketskes derby.
Fan ôf novimber repetearre sy ek op tongersdeitejûn. Harren plakje is de eardere Bonifatiusskoalle. Hoe lang hja noch gebrûk fan die lokaasje meitsje kinne, is op it momint fan dit skriuwen noch ûnwis. Wy sille hoopje dat de gemeente en alle oare belutsenen de plannen hjirfoar gau rûn hawwe, want de Jouwer sûnder nijjiersrevu… dat kin fansels net.
Wat meie jo ferwachtsje fan de revu “Wy dogge noch in rûntsje!”? De skriuwers, dy’t eins it hiele jier mei de revu yn de efterholle rinne, binne der tige goed yn slagge dit tema troch alle sketskes en lietteksten rinne te litten en it spul ek noch aktueel te hâlden.

Leon Smits hat op syn beurt prachtige muzikale arranzjeminten passend by dizze teksten makke. Mearstimmich gesang is ûnderwilens in eask en dat kinne de sjongers fan de Jouster ploech hiel goed oan. It nivo giet alle jierren omheech. De jonge hûnen fan de band binne, mei troch harren nevenaktiviteiten by bygelyks Straight on Stage, altyd yn foar in nije útdaging.
De skriuwersploech is útwreide mei in pear nije skriuwers (insiders, dat wol) die’t it tema somtiden wol hiel letterlik nimme. Jimme wisten it noch net, mar sa komt der in winkel mei allinnich mar rûn guod op ‘e Jouwer. Muntjild is ek rûn en dat yn kombinaasje mei de gemeente levere ek genôch stof foar in stikelich sketske. Ek sport hat genôch yn him wat mei rûn te krijen hat. En wat te tinken fan ús wrâld, de sinne en de moanne…

It dekôr is ek al hielendal rûn. Wat wolle jo ek mei sa’n fantastyske dekôrploech wêr’t de revu mei gearwurket! Men freget en de mannen drave al. Thea de Lange soarget foar de fine tafoegingen en hat skitterjende keunstwurken makke, dy’t it besjen beslist lije kinne.
Op de Facebook-pagina fan Revu de Jouwer skreau in besiker “Begjin it nije jier, mei in r(j)ûntsje fol plezier!” Dat is fansels in hiel goed foarnimmen foar 2018.

Revu de Jouwer noeget jimme dan ek hiel hertlik út foar in noflike jûn as middei fol fertier. De foarstellingen binne op sneon 6 (20.00 oere), freed 12 (20.00 oere) en sneon 13 jannewaris (14.30 en 20.00 oere) yn Party- en Zalencentrum’t Haske. Kaarten kostje € 11,00 (jûns) of € 8,50 (middeis) en binne te keap op de webside: www.revudejouwer.nl en by Tabalkspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterij mei moaie prizen en yn it skoft en nei ôfrin is der live muzyk.
It lêste nijs rûnom de revu is te sjen en te lêzen op de Facebookpagina fan Revu de Jouwer.