Westermar Toniel “Spa May Stress”

01-02-2023 JOURE – Joris eksploitearret in kueroarde. Hy hat it nochal drok en it falt foar him net ta om alles foarinoar te krijen. As in tillefyzje-programma delkomt om in promoasjefilmke te meitsjen en der gasten oan-komme dy’t in protte oandacht freegje, wurdt it eigner Joris tefolle en freget er syn twillingbroer Floris him te helpen. As der dan ek noch in bedrager ûnder de gasten tahâldt, is de gaos net mear oer te sjen.

Nei twa jier coronastop, sjogge sy der nei út en hoopje dat corona ús no mei rêst lit. Let op de data fan de foarstellings, nammentlik 3 en 4 febrewaris 2023 yn party- en seallesintrum ’t Haske op ‘e Jouwer. Anfang 20.00 Oere.

Kaarten binne te krijen by Primera Joure. Freed-€ 7,- foar leden/ € 11,- foar net-leden. Sneon € 8,50 foar leden/ € 12,50 foar net-leden. Eltsenien is wolkom!