Wa wint de kultuerpriis fan De Fryske Marren 2019?

22-11-2019 JOURE – Yn ús mienskip binne ek dit jier wer in protte produksjes west dy ’t it fertsjinje yn it sintsje set te wurden. De karkommisje fan de Kultuerpriis De Fryske Marren ropt ynwenners en pleatslike belangen op om foardrachten foar de priis te dwaan: is der yn jo doarp in moai iepenloftspul útfierd? Hat jimme toanielferiening in treflik stik op ‘e planken set? Hat in doarpsgenoat in nijsgjirrich boek yn de Fryske taal publisearre? Is jim jongerein aktyf mei muzyk en dogge se dat yn it Frysk? Dan kin dy feriening of dy doarpsgenoat yn oanmerking komme foar de priis!

Wêrom jouwe wy de priis?
Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt, sa as út sifers blykt: 70 oant 80% fan ús ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta. De priis bestiet út in bedrach fan € 750,- en wurdt elk jier útrikt. De sjuery bestiet út Anne Herrema, Baukje Meetsma en Hendrik Boonstra. Ferline jier wûn dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat de priis foar syn dichtbondel Ienkennich lânskip.

Oanmelde úterlik 6 desimber 2019
Eltsenien kin de feriening, groep of persoan dy’t foar de priis yn oanmerking komme kin, oanmelde troch úterlik freed 6 desimber in mail te stjoeren nei: info@defryskemarren.nl, mei de namme fan de nominearde en telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile oan Yde Wierda. Wolle jo by de foardracht yn it koart oanjaan wêrom at jo fine dat de feriening of de doarpsgenoat yn oanmerking komt foar de priis? Graach as foardrager jo namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette.