Wa wint de Fryske Kultuerpriis De Fryske Marren 2021?

22-04-2022 JOURE – Alle jierren set de gemeente in Frysktalich kultureel inisjatyf yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Kultuerpriis. De priis bestiet út in bedrach fan € 750,-. Ferline jier wûn Stoffel Zandstra fan ’e Lemmer.

Meld in inisjatyf by ús oan!

Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Kultuerpriis 2021 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Kultuerpriis yn ‘e wacht slepe? Meld jo dan oan of draach foar 30 maaie 2022 in kandidaat oan op ús webpagina ‘Fryske kultuerpriis’.

We binne benijd nei de oanmeldingen!”