Uitnodiging nieuwjaarsbijeenkomst


02-01-2018 JOURE – Graag nodigt de gemeente u uit voor de nieuwjaarsbijeenkomst, op woensdagavond 3 januari 2018 in het gemeentehuis, Herema State 1 in Joure. Vanaf 19.30 uur zijn inwoners, ondernemers, plaatselijke belangen, besturen en andere belangstellenden van harte welkom. Om ongeveer 20.00 uur houdt burgemeester Fred Veenstra zijn nieuwjaarstoespraak. Ook vindt de uitreiking plaats van twee prijzen: de Kultuerpriis De Fryske Marren en de prijs voor de winnende oudjaarsviering.

Daarnaast is er natuurlijk gelegenheid voor het uitwisselen van nieuwjaarswensen en ontmoeting, onder het genot van een hapje, drankje en muziek. Ook het oude gedeelte van Heremastate is open om te bekijken. Eindtijd van de bijeenkomst is 21.30 uur. Raad, college en medewerkers van De Fryske Marren wensen u een goede jaarwisseling toe.
Graag tot ziens in 2018!

Utnûging nijjiersgearkomste
Graach nûgje wy jo út foar de nijjiersgearkomste fan ús gemeente, op woansdeitejûn 3 jannewaris 2018 yn it gemeentehûs, Herema State 1 op ‘e Jouwer. Fan 19.30 oere ôf binne ynwenners, ûndernimmers, pleatslike belangen, bestjoeren en oare belangstellenden fan herte wolkom. Om likernôch 20.00 oere sil boargemaster Fred Veenstra syn nijjierstaspraak hâlde. Ek fynt de útrikking plak fan twa priizen: de Kultuerpriis De Fryske Marren en de priis foar de winnende âldjiersfiering.

Dêrneist is der fansels gelegenheid foar it útwikseljen fan nijjierswinsken en moeting, ûnder it genot fan in hapke, drankje en muzyk. It âlde stik fan Heremastate is ek iepen om te besjen. Eintiid fan de gearkomste is 21.30 oere. Ried, kolleezje en meiwurkers fan De Fryske Marren winskje jo in goed âld en nij ta. Graach oant sjen yn 2018!