Toanielútfiering Fryske Krite de Jouwer “Pleinfrees”


10-03-2017 JOURE – In hertferskuorrend blijspul oer seis minsken, dy’t op ‘e syk binne nei kontakt en leafde. Se wrakselje har troch it deistige libben: binne op ‘e syk nei in hûs yn de stêd, dêr’t sels in biezemkast net te beteljen is, sitte yn de kroech mei as inkeld selskip de barman of in glês bier. Of se wachtsje foar de safolste kear op in blind-date.

En as se thúskomme, wachtet dêr allinnich de televyzje en in miel út de magnetron of in heit, dy’t syn iten troch de keamer smyt en de fersoarchster útsegenet. Alle rolfigueren hawwe har eigen libben, mar op ferskate mominten kruse dy libbens inoar en dochs libje se by elkoar del.

Yn in grut tal werkenbere situaasjes komt in wrâld fan iensumens, misbegryp en teloarstelling oan it ljocht.

Foar kriteleden foargees, gasten betelje op freed en snein € 10,00 en op sneon € 12,50. Op sneon 11 maart is der musyk nei de foarstelling fan Bobline. (Bob Oukes)