Skriuwwedstriid

22-02-2021 JOURE – Yn 2021 wurdt Tomke25 jier! Tiid foar in feestje! Njonken feestlike ekstra aktiviteiten en moaie nije materialen organisearje wy ek in Tomke-skriuwwedstriid. Foar de kommende jierren sykje wy ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Soesto ek ferhalen skriuwe wolle oer it libben fan Tomke? Dan kinst meidwaan oan ús wedstriid.

Wolsto de skriuwer fan Tomke wurde?
Wa
Wy sykje ien of mear auteurs foar it skriuwen fan Tomke-ferhaaltsjes.
De skriuwer:

  • kin oanslute by de wrâld fan jonge bern
  • hat kennis fan it Frysk, en wat ûnderfining mei skriuwen
  • hat ynsjoch yn de taalfeardigens fan it jonge bern.

Wat
Foarlêzen is goed, it befoarderet ûnder oaren de bân tusken âlder en bern, jout selsbetrouwen, stimulearret de fantasy en draacht by oan de taalfeardigens fan it bern. De Tomke-ferhaaltsjes slute dêrby oan.

Tomke-ferhaaltsjes binne der op trije nivo’s, fan maklik (ien stjer) oant dreger (trije stjerren).

* ienfâldich ferhaaltsje, koarte sinnen, gjin yngewikkelde ferhaalline, tekst past mei in wat gruttere yllustraasje op ien side fan it boekje – 25-35 sinnen.

** krekt wat dreger. Sinnen meie wat langer, wat mear ferhaalline. Tekst mei wat langer, sa’n 40 rigels, dan is der noch romte foar in lytse yllustraasje. Op de side neist it ferhaaltsje komt in paginagrutte yllustraasje.

*** Tekst mei noch wat langer, sa’n 45 rigels, wat mear ferskaat oan wurden.

Skriuwopdrachten folgje altyd yn oerlis mei de projektkoördinator fan de Afûk.

Wêrom
Der is ferlet fan nije skriuwers om de diversiteit yn de ferhalen te boargjen. Alhoewol’t in Tomke-ferhaal oan bepaalde betingsten foldocht, is der genôch frijheid foar de skriuwers om der sels in ‘kleur’ oan te jaan. Elke skriuwer bringt in eigen styl, in eigen ynfalshoeke en in rêchsek fol kreativiteit mei, dêr’t de Tomke-wurkgroep graach gebrûk fan makket.

Wannear
Juny is de Tomke-feestmoanne. De nije Tomke-skriuwer(s) wolle wy graach presintearje by it jierdeifeestje fan Tomke op 12 juny.

Wat ek belangryk is
Kinst dyn ferhaaltsje fóár 31 maart 2021 stjoere oan ynfo@tomke.frl, mei motivaasje en kontaktgegevens. In fakkundige sjuery sil de ynstjoeringen besjen. De winners fan de skriuwwedstriid  wurde foar 15 maaie bekend makke en binne op 12 juny 2021 de earegasten op Tomke syn jierdeifeest!

Fragen?
Hasto nei oanlieding fan dizze ynfo noch fragen? Mail nei ynfo@tomke.frl.