Praat mar Frysk: ús memmetaal en de Fryske Kultuerpriis

26-02-2022 JOURE – Ofrûnne moandei 21 febrewaris, wie it de Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei wurdt elk jier troch de UNESCO fierd. De Memmetaaldei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en meartaligens. Talen binne it ynstrumint om it kultureel erfguod libbend te hâlden. En it is goed om der regelmjittich by stil te stean. Luciënne Boelsma, wethâlder Frysk taalbelied: ”Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwe taalkundige en kulturele tradysjes bestean. Tige wichtich om hjir dizze wike ekstra stil by te stean en ús sels ek wer efkes út te dagen. Us taal hat prachtige wurden. Wisto bygelyks wat it wurd ‘oanpoene’ betsjut?”

Fryske Kultuerpriis
Fanselssprekkend rikt de gemeente ek oer 2021 in Fryske Kultuerpriis út. Sûnt in oantal jierren in moaie tradysje yn ús gemeente. Wy wolle dat op in leuke en liuwst wer op in fysieke manier dwaan, fandêr dat wy de priis op in letter momint útrikke sille. Der ken no wer mear: hâld de media yn de gaten, fan útstel komt gjin ôfstel!

Meld in ynisjatyf by ús oan!
Ek yn 2021 is der in protte net trochgien troch it koronafirus. De sjuery ropt dêrom op om foardrachten foar de priis te dwaan. Dat kin fansels ek in online ynisjatyf wêze, in digitale foarstelling, muzyk of in moai boek dat jim yn 2021 rakke hat. Kultuer is breed en sjoen de situaasje âfrûne jier sette we it dit jier wat rommer út. We binne benijd nei de oanmeldingen.

Motifaasje
Jim kinne jim tips oanmelde troch foar oant en mei snein 27 maart troch in mail te stjoeren nei: info@defryskemarren.nl mei de namme fan de kandidaat en telefoannûmer en mailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile t.a.f. Beitske Tymstra. Wolle jim by de foardracht wol yn it koart oanjaan wêrom at jim fine dat dit ynisjatyf yn oanmerking komt foar de priis? Graach as foardrager ek jo eigen namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette. Tige tank alfêst!