Optein dat de sânwinning net troch giet

24-12-2020 JOURE – It aksjekommittee ‘Geen Zandindustrie IJsselmeer is optein. De útspraak fan de Raad van State oangeande de sânwinning yn de Iselmar hie net better wêze kinnen: de gemeenteried hat yn 2019 terjochte wegere om de sânyndustry mooglik te meitsjen. Dat is fantastysk foar de natoer, hear mar, de Wylde Swannen en Toppers jubelje it út. Wat in opluchting ek dat it wide útsjoch oer de mar behâlden bliuwt foar de Gaasterlanners en har besikers, en dat elk yn stilte fan al dat moais yn de natoer genietsje kinne.

Alle beswieren dy’t Smals oanfierd hat tsjin it beslút fan de gemeenteried binne troch de Raad van State fersmiten. De oantaasting fan de natoer en it lânskip is as belangrykste argumint tsjin de sânwinning ynbrocht troch de gemeenteried. Dat is terjochte, neffens de Raad van State. De gemeente mei dêryn in oar stânpunt ynnimme as de provinsje, se mei in eigen ôfwaging meitsje. De argumintaasje dat in yndustry-eilân midden yn in Natura2000-gebiet negative gefolgen ha sil, is foldwaande. Dêrfoar hoecht net bewiisd te wurden dat dy skea signifikant wêze sil. Dat lêste foaral is fan belang, dat jout ek grûn om de Iselmar yn de takomst te behoedzjen.

Troch dizze útspraak is de sânwinning troch Smals yn de Iselmar definityf fan de baan. Wij bedanke elk dy’t dêrta holpen hat: de bewenners, de ‘sels beneamde deskundigen’, de aksjefierders. En fansels de FNP-fraksje, dy’t de moed hân hat har stânpunt te wizigjen doe’t op it lêste momint oare ynformaasje ta har kaam. We lokwinskje de gemeente fan herte mei dizze oerwinning.

www.geenzandindustrieijsselmeer.nl