Nieuwjaarstoespraak Commissaris van de Koning


08-01-2018 JOURE – Op vrijdag 5 januari was de jaarlijkse Nieuwjaarsbijeenkomst van het college van Gedeputeerde Staten, met inwoners en relaties van de provincie Friesland. Commissaris van de Koning Brok hield tijdens deze bijeenkomst zijn nieuwjaarstoespraak. Deze kunt u hier (in het Frysk) teruglezen.
Achte oanwêzigen,

It is safier. It jier wêryn’t 150 jier lyn is dat ús grutte dichter Obe Postma berne is. It
jier wêryn’t it taalgebou iepenet dat nei him neamd is. De dichter en politikus Willem van Haren – âld-grietman fan It Bildt – ferstoar 250 jier lyn. En ut gaat neet dit jaar. Ut Liwwadders bestaat 250 jaar. Dat hewwe laasten in de krant lesen kennen.

It is 100 jier nei it fersin fan Piter Jelles Troelstra. Hûndert jier nei de ynfiering fan it
algemien kiesrjocht foar manlju. In wichtige stap yn ús demokrasy.
It is it ienichste jier yn de skiednis dat Fryslân tweintich gemeenten hat. Yn in
fjirdepart dêrfan is in frou boargemaster. Dat kin fansels better, mar lanlik sjoen kinne
wy dêr mei foar it ljocht komme. It is it jier dat de lanlike start fan Befrijdingsdei yn Ljouwert hâlden wurdt. Mei in yndrukwekkend programma. Yn de fernijde Blokhúspoarte. Wat in moai gebou is dat. En it is fansels it jier fan Kulturele Haadstêd. Lang om let. Nei jierren fan tarieding.
Tank oan elkenien dy’t dêr by belutsen is en west hat.

As men dan troch de programmakrante, de skuorkalinder of de webside fan LF2018 blêdet, kinst net oars as ûnder de yndruk wêze fan wat ús te wachtsjen stiet. De frachtwein fan de Postkoadelotterij bliuwt in jier lang yn ús provinsje. We krije in goed jier. Net allinne yn ús provinsje, mar ek dêrbûten. It sette moandei al útein mei it Nijjierskonsert fan Kening fan ’e Greide yn Amsterdam. Yn de hal hiene wy hjoed ek in lyts foarpriuwke. De Never Ending Orchestra. Dêr’t tûzenen muzikanten út ús provinsje by belutsen binne. De froulju fan Regina Forte dy’t jo seagen en hearden, meitsje dêr ek diel fan út.

It projekt is tekenjend foar dêr’t wy yn Fryslân foar stean: mei-inoar bringe wy kultuer yn de breedste sin fan it wurd. Om as publyk en makkers fan te genietsjen.
Stypjend op alle frijwilligers dêr’t wy net sûnder kinne. Net allinne by kultuer mar by hast alles wat wy dogge. De frijwilligers kinne wy net genôch tankje, fan Doarpswurk oant sporteveneminten. Dat is ek wat wy út namme fan Nederlân yn Europa sjen litte wolle.
Fansels binne dy grutte eveneminten fan Kulturele Haadstêd fantastysk. Mar mei jild en professionals kinst dy oeral organisearje. Wat it hjir sa bysûnder makket, is dat der noch hûnderten aktiviteiten der omhinne binne, droegen troch frijwilligers.
Dy krêft, dy fynt men hjir. Dat makket dizze Kulturele Haadstêd sa bysûnder. Dat wolle wy sjen litte, ek yn de takomst. Of lykas Nynke Laverman sneon yn de Ljouwerter Krante sei: We moatte mei elkoar neitinke oer wêr’t we hinne wolle en dêr hawwe we in hiel jier foar.

Wy wolle sjen litte wêr’t Fryslân foar stiet – ek ekonomysk – mei kultuer as motor, as start en as bynmiddel. De oprop oan jo: doch mei om der in ûnferjitlik moai jier fan te meitsjen. Wat langer kinne wy fan de erfenis neigenietsje. Mar foaral ek om’t kultuer en aktyf kultuerbelied basis jout oan in mienskip en de kwaliteit fan libben. Keunst en kultuer nûgje út ta ferwûndering en ûntwikkeling. Untwikkeling jout perspektyf foar de takomst. Tagelyk begripe we dat it net foar elkenien in jubeljier wêze kin. It ôfrûne jier hawwe leafst tsien minsken yn ús provinsje troch geweld it libben ferlern. Binne der te folle minsken omkaam yn it ferkear. Misse we minsken dy’t ús nei binne. En is it jier tige dreech útein setten, mei de fynst fan it lichem fan Remon Bruinsma. It meilibjen giet út nei syn famylje en freonen.

Ek foar elkenien dy’t by dit soarte fan saken in soad fertriet hat, binne wy hjir de mienskip dy’t dêr rekkenskip mei hâldt en steane wy foar harren klear. Ta beslút noch Obe Postma oer it alsidige fan it libben, de lêste strofe fan ‘Op sokken dei’: Op sokken dei – yn ’t koele hjersteljocht De huzen riigje har yn ’t byldflak gear; Elts blanke finster hat syn eigen skyn, En ’t libben bringt syn tûzenstaltich hear.