Kultuerpriis De Fryske Marren 2018 takend oan Eppie Dam

03-01-2018 JOURE – Wethâlder Durk Durksz rikke op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat.

In karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.

In útdaagjend en ynspirearjend projekt
De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe’t dat har ynspirearret. Derby joeg de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo”.

Grutte wurdearring foar de oare nominearden
It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it adfys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearden. Meinammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlders en pakes en beppes) entoesjast te meitsje foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.