Klucht ‘De treflike dokter Paul’ gebracht door Westermar Toniel

23-01-2020 JOURE – Westermar Toaniel spilet op 31 jannewaris en 1 febrewaris 2020 yn Party/sealesintrum ’t Haske it toanielstik ‘De treflike dokter Paul’. Klucht yn trije bedriuwen fan Henk Roede, Fryske bewurking fan Roel Klijnstra.

Mei fleur en faasje set Dokter Paul út ein op syn earste wurkdei as bistedokter yn syn eigen praktyk. Al rap docht bliken, dat syn foargonger, Dokter Vermeulen, der wol gauris putsjes by die en it net sa nei naam mei de etyk. Mar dat is net it iennige dêr’t de nije dokter mei tangele sit.

Ek syn ex is hy slim ferlegen mei, want sy docht alle war om him werom te krijen. En sa moat dokter Paul it iene probleem nei it oare ta in goed ein bringe. Hoe moat dizze tizeboel goed komme?

(In dwers troch alles hinne komyske klucht fan Henk Roede, fol mei misferstânnen en dûbeldsinnigens, dy’t garant steane foar in hilaryske jûn!)

Beide jûnen is der in ferlotting mei moaie prizen en sneontejûn is der yn it skoft en nei ôfrin live musyk fan Luc de Jong.

De foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Kaarten kostje € 11,- (freedtejûn) en € 12,50 (sneontejûn) en binne te keap by Primera Joure, De Merk 3 op ‘e Jouwer.