‘In rits te fier’ op donderdag 30 en vrijdag 31 januari

28-01-2020 HASKERHORNE – In komeedzje fan Jon van Eerd, Fryske oersetting Baukje Stavinga, 4 dames, 3 heren It stik spilet him ôf op kamping ‘De Wielewaal’. Eigner Harrie Vermeulen wurdt konfrontearre mei in grutte kontrôle troch de gemeente. Negative ferhalen binne yn omloop rekke en no wurdt Harrie fertocht fan it net neilibjen fan feiligens en de hygiëne op’ e kamping, lykas it tastean fan morele wantastannen.

Mei help fan syn dochter Lies en harren Sjineeske help Lang Leng Hop is Harrie wanhopich dwaande om de kamping tiptop ynoarder te meitsjen foar’t de ynspekteur oankomt. It is nochal drok op’ e kamping en it is net dúdlik wa’t no krekt de ynspekteur is. Nei in tal misferstannen wêrby’t de sinnige ornitolooch (Norbert), in jongeman mei in dûbele aginda (Jasper) en in ûnmooglik kring fan in frou (Maya) it der net makliker op meitsje, wit Harrie einliks wa’t de ynspekteur is; Mefrou fan Kralingen, de mem fan Jasper! 

Mar it is te let. Troch in ûngelokje ferliest de ynspekteur har geheugen. Ympulsyf nimt Harrie in gefaarlik beslút. Hy makket de ynspekteur wiis dat sy al jierren in gelokkich troud stel binne en dat se tegearre de kamping runne. Fansels is it dreech dit fol te hâlden. Foaral omdat de ynspekteur ferside hâlden wurde moat foar Norbert én foar Maya. Norbert is nammentlik de eks fan de ynspekteur én de heit fan Jasper, en Maya blykt dyjinge te wêzen dy’t de kamping yn in kwea deiljocht stelle wol. Sy wol der in golfterrein fan meitsje.

It stik is te sjen op tongersdei 30 jannewaris om 20:00 oere en op freed 31 jannewaris om 20:00 oere yn ‘t Trefpunt te Haskerhorne