Fryske Sosjale Media Dei! Doch mei!


25-09-2017 JOURE – Dit jier organisearret op tiisdei 26 septimber de Afûk in Ynternasjonale Sosjale Media Dei foar lytse talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar tal fan organisaasjes út mear as 14 oare lannen yn Europa. Under oaren Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië, hawwe harren dielname al tasein.

Doch mei oan de Sosjale Media Dei! Ien berjocht op Twitter, Facebook en/of Instagram mei de hekstek #Frysk kin al in heel soad dwaan. Mei it #Frysk wurdt jo boadskip op in ûnderskiedende wize by miljoenen minsken ûnder de oandacht brocht. En mei #EDL2017 ferbine je it Frysk mei oare Europeeske lytse talen.

Kreativiteit en humor binne dêrby heel belangryk. Boppedat is de Fryske Sosjale Media Dei de perfekte gelegenheid om je yn it #Frysk te ûnderskieden fan de rest en flaters meitsje is net slim. Mochten je al taalhelp nedich hawwe, nim dan gerêst kontakt op mei de Afûk. Tip: brûk de Wat Wurd It-app of sjoch op http://www.taalweb.frl.

De Fryske Sosjale Media Dei is in stimulâns om dyn eigen #Frysk te brûken. It is jo eigen taal en dy fan hûnderttûzen oaren! De mienskiplike #hekstek foar alle dielnimmende talen is #EDL2017!