Fryske Krite spilet: “De kat yn de kelder”


12-11-2017 JOURE – Op 18, 19, 24 en 25 novimber 2017 spilet De Fryske Krite de Jouwer it stik “De kat yn de kelder”.  We sette it nije toanielseizoen útein mei it Fryske premjêrestik “De kat yn de kelder”, dat skreaun is troch de Belgyske toanielskriuwer Pol Anrys en yn it frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. Evert, in âld majoar, lit de kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn syn kelder wenje. De famylje hat in plakje nedich omdat  har eigen hûs ôfbrânt is troch de “binnendoar” barbecue.

Tecla, de soere suster fan Evert is poer op dizze útfanhûzerij tsjin.De húshâlding bestiet út heit Feliks, mem Sylvia, dochter Kim en beppe. De famylje wol earst net yn de kelder wenje oant se der efter komme dat se dan neist de bank wenje. Feliks sjocht in kâns op de ‘’jackpot” wol sitten en hy beslút út de kelder wei in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit fernimme. Wer moatte se bygelyks mei de modder hinne . Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy’t de drilboar makket? Fansels smyt dit hilaryske situaasjes op , ek al omdat beppe har hiel eigen ynbring hat.

Kim wurdt fereale op Sven, dy’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen. De suster siket om de kat dy’t samar wei wurden is en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. As de suster de tunnel en de deade kat fynt , moat sy opsluten wurde en as beppe  it libben lit yn de kelder , sitte se dus ek noch my in lyk dat se nearne kwyt kinne. En wat as Sven twifelet tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad? De majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

Spilers:
Sytske Heeg, Akke Knol, Jan Kuipers, Nico de Lange, Sonja Leenstra, Johan Platte, Mike Platte, Margje Wierda en Wiep Wiersma.

De foarstellings fine plak op ‘e Jouwer yn Party- en Sealecentrum’t Haske.
– Sneon 18 november om 20:00 oere Premjêre mei muzyk C’est la Vie
– Snein
zondag    19 november 15:00 oere “Ite mei de Krite”
– Freed 24 november 20:00 oere
– Sneon 25 november 20:00 Mei muzyk fan Ex Aequo

Nederlands
We starten dit toneelseizoen met het friese premierestuk “De kat in de kelder”, geschreven door de belgische toneelschrijver Pol Anrys en in het fries vertaald door Gurbe Dijkstra. Als Evert, een oud majoor, het kansarme gezin De Kat tijdelijk in zijn kelder laat wonen, is dat zijn strenge zus Tecla absoluut niet naar de zin. Het gezin, vader Feliks, moeder Sylvia, dochter Kim en oma, wil eigenlijk niet in de kelder wonen, maar dan komen ze erachter dat de majoor naast de bank woont. Ze bedenken dat ze vanuit de kelder een tunnel kunnen graven naar de bank om die te beroven. Het valt natuurlijk niet mee om dat voor elkaar te krijgen en dit zorgt dan ook voor heel wat hilarische momenten…

De voorstellingen vinden plaats in Joure in het Party- en zalencentrum ’t Haske.
– zaterdag 18 november om 20:00 uur Première met live muziek van C’est la Vie.
– zondag 19 november om 15:00 uur “Ite mei de Krite”
– vrijdag    24 november om 20:00 uur
– zaterdag 25 november om 20:00 uur Met muziek van Ex Aequo