Frisist Anne Merkuur nij bestjoerslid DINGtiid

02-12-2020 JOURE – DINGtiid orgaan foar de Fryske taal dielt optein mei dat Anne Merkuur (1989) fan 11 septimber 2020 ôf oansteld is as nij bestjoerslid. Nei it ôfskied fan Bianca Pander, dy’t fan 2014 oant april 2020 oan DINGtiid ferbûn west hat, bestiet it bestjoer no wer út fiif leden.

Anne Merkuur wurket sûnt 2014 oan de Universiteit fan Amsterdam en de Fryske Akademy oan har ûndersyk nei feroarings yn de Fryske taal. Dit jier hopet sy op dat ûndersyk te promovearjen. “As frisist bin ik ûnderdiel fan it Fryske spylfjild en sadwaande meitsje ik de diskusjes en ûntwikkelingen oangeande it Frysk fan tichtby mei”, fertelt Merkuur. “Ik folgje dat ek mei ynteresse, mei omdat ik my altyd ynteressearre haw foar polityk-bestjoerlike saken. Sûnt 2013 bin ik polityk aktyf yn de gemeenteried fan de Fryske Marren, sûnt foarich jier as fraksjefoarsitter.”

Ferlet fan oanstjoering en koers
It advys fan DINGtiid út 2015 om in taalskipper oan te stellen en de byhearrende analyze fan it fjild wie Merkuur út it hert grypt. “Fanút myn belutsenheid en hert foar de Fryske taal en kultuer wol ik graach bydrage oan de advisearjende rol fan DINGtiid. Der is ferlet fan oanstjoering en koers. Op dat mêd is der foar it Frysk noch it ien en oar te dwaan, sa’t ek bliken docht út de diskusjes dy’t al in skoftke spylje oer ús Fryske kennisynstituten. It is hiel goed dat DINGtiid dêr ek in advystrajekt foar opset hat.”

Sinjalen út it fjild
Merkuur is fan miening dat ûnder oaren dy diskusjes it fjild yn beweging set ha. “It is no de tiid om saken te dwaan en útdagings en kânsen te sinjalearjen. It is goed dat DINGtiid wat dat oangiet ek mei de fuotten yn de klaai stiet, sadat sinjalen út it fjild gau oppakt wurde kinne.”