Earste offisjele ljipaai fan De Fryske Marren fûn


21-03-2018 JOURE – Tiisdei 20 maart hat Klaas Jager (65 jier) út Aldehaske it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren fûn yn Nijehaske. Jager wurdt woansdei-te-middei 21 maart om 13:30 oere ûntfongen troch boargemaster Fred Veenstra. Dit fynt plak op it gemeentehûs op De Jouwer.