Earste offisjele ljipaai fan De Fryske Marren fûn troch Jan de Vlas

10-03-2020 YCHTENBREGE – Moandei 9 maart hat Jan de Vlas (75 jier) út Ychtenbrêge it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren fûn yn in maïslân oan de Westerse Dijk yn Dolsterhúzen. It wie oan it begjin fan de middei en it giet om in ‘ientsje’.

Jan de Vlas wurdt tiisdeitemiddei 10 maart om 13.30 oere ûntfongen troch boargemaster Fred Veenstra. Dit fynt plak op it gemeentehûs Herema State op De Jouwer.

Snein waard al it earste ljipaai fan de provinsje Fryslân fûn, ek yn De Fryske Marren. Dit wie yn Aldegea, troch Michel van der Goot út Himmelum.