De Lytsme Mienskip: ‘De erfenis fan muoike Bella’

24-01-2019 OUWSTERHAULE – Op freed 8 en sneon 9 febrewaris is wer de jierlikse útfiering fan tonielferiening “De Lytse Mienskip” in it doarpshûs “de Hichte” yn Ousterhaule. De spielers binne, ûnder regie fan Liset Hulzinga en mei help fan de ynsteksters Christien Snijder en Petra Heida, drok oan it oefenjen. Se spielje disse kear it stik: “de erfenis fan muoike Bella”, in klucht yn trije bedriuwen fan Henk Roede, oerset troch Gurbe Dijkstra.

De twa broers Berend en Albert Duursma, in skilder en in boufakker, twa grutte rollen spiele troch Remco Akkerman en Willem Ringalda erfje de beauty-salon fan hun ferstoane muoike Bella. Se wolle de boel ferbouwe, mar ûndertusken moat de beauty-salon gewoan trochdraaie. En de klanten dy’t opdaagjen komme binne net ol te maklik. Mefrou van Dreuten (Berber v/d Wal), Dora (Aafina Postma), Neeltsje (Betty Wind-Huisman) en Greet (Reina Buruma) freegje nogal wat fan de mannen.

Gelokkich helpt stagiaire Suzan (Susan Piersma) de broers út de brân. En miskien ha ferbouwe en beautybehannelings ek wol mear oerienkomsten dan ot wij ea betinke koenen… De klanten binne net it ienige probleem foar de broers, want binne sy wol de ienige efgenamen? Wiepie Dijkstra (Auke-Jan Snijder) út Kanada komt op besite by syn muoike Bella. Soe Notaris Nikkelvest (Marten Wietsma) hjir miskienien wat dúdlikheid skeppe kinne? Genôch ingrediënten foar in jûn noflik toaniel en in soad laitsjen!
Entree: €7,50, bêrn o/m basisskoalle €3,50.

Ek via Facebook: Toneelvereniging “De Lytse Mienskip”