De Fryske Krite spilet ‘Inkele Reis’

18-11-2022 JOURE – De Fryske Krite fan De Jouwer spilet 19, 20, 25 en 26 novimber it stik ‘Inkele Reis’ fan Lex Passchier. Earder yn it Nederlânsk spile troch Wieteke van Dort, Trudy Labij, Bram van der Vlugt en Florence Vos Weeda. Troch corona kamen de foarstellingen stil te lizzen en yn desimber 2020 ferstoar Bram, sadat oan de rige fan foarstellingen in abrupt ein kaam. No sil de Fryske Krite it dus yn it Frysk spylje en it is fuort ek de Fryske premjêre.

It stik giet oer twa âldere froulju, sis mar ‘dames op leeftiid’, se sjogge in inkele reis nei in âldereintehûs as it alderslimste dat harren oerkomme kin. Se wolle sis mar de saneamde ‘fysike ôftakeling’ leaver net meimeitsje. Dêrom sykje se om in oplossing en se tinke dat se dy fûn ha. In eksintrike ‘hear’ komt del om harren te helpen by ‘de lêste winsk’. Wat dy lêste winsk is, moatte jim sels mar útfine by ús foarstellingen, mar toaniel soe gjin toaniel wêze as alles fan in laaien dakje rinne soe, dat ha jim grif wol troch.

kaarten binne fia dizze link te krijen