De Fryske Krite de Jouwer spilet ‘Ferjitlikens’

08-03-2020 JOURE – Antoin wurdt stadichoan in bytsje ferjitachtich. Hy giet in pear dagen nei it strânhûs fan syn eksfrou Sarah. Syn dochter Iris hat him mist op ‘e saak en siket him. As sy tegearre op it strân binne, komme syn beide eksfroulju Sarah en Debora nei it strânhûs om harren soarch oer syn begjinnende demintes te besprekken en de soarch foar de takomst te regeljen. Dat fjouwertal mei in ferline mei-inoar, en harren eksplosive karakters, soarget foar it noadige fjoerwurk.

It stik hjit oarspronklik Vergetelheid en is skreaun troch Haye van der Heyden. Baukje Stavenga hat it oerset yn it Frysk. It stik wurdt regissearre troch Dirk de Vries.

Kaarten foar net-leden kostje €10,00 op freed en snein. Op sneon ha we muzyk nei en kostje de kaarten €12,50. Bern oant 12 jier binne fergees, fan 12 oant 17 jier kinne se foar heal jild by de foarstelling wêze!

Online reservearje 
Fia ûndersteand formulier kinne jo direkt online reservearje. Folje it hielendal yn en klik op ‘ferstjoer’. As it goed is komt der dan in melding dat it formulier goed ferstjoerd is. Jo kinne der dan fanút gean dat de kaarten foar jo klear lizze oan de seal. Jo krije hjir net mear in befêstiging fan!

Foarferkeap 
De foarferkeap fynt plak op moandei 2 maart fan 19:00 oant 20.00 oere yn de Wumkesskoalle. It bestjoer hat by de foarferkeap in ledelist by de hân, mar ek net-leden kinne op dizze jûn harren kaarten keapje.

Oan de seal
Op de jûn self salang der noch kaarten binne.