Nieuwjaarstoespraak Arno Brok

06-01-2019 JOURE – Afgelopen vrijdag hield Arno Brok, Commissaris der Koningin zijn nieuwjaarstoespraak. Hieronder vindt u zijn toespraak in het Fries.

Wolkom yn 2019. Wolkom yn it Rembrandtjier, wêr jim noch foar telâne kinne op dy moaie útstalling yn it Fries Museum. It is it jier fan de Gouden Iuw, 350 jier nei it ferstjerren fan Rembrandt. In jier nei ús Gouden Jier 2018. It is 150 jier lyn dat Raspoetin, Colijn en Gandhi berne binne. It Steatejacht Friso kaam 125 jier ferlyn fan de werf.

It docht yn maaie presiis 65 jier syn wurk as Steatejacht. Dêr stean we dan by stil. En nee, it Steatejacht giet noch lang net mei pensioen. Mar it jier begûn mei de avontoeren fan in oar skip: de MSC Zoe. We ha it allegearre sjen kind: 270 konteners binne yn see bedarre en oant na ta is in lyts part dêrfan fûn en oanspield op de Waadeilannen en it fêste lân. Njonken de wille oer de fynst fan alle My Little Pony’s is der soarch oer de gefolgen foar de kwetsberre natoer.

It is goed om te sjen dat MSC syn ferantwurdlikens nimt en de skea regelje wol. Mar dat is de papieren kant. In de praktyk kinne de gefolgen noch jierren duorje. It is moai om te sjen hoe folle minsken harren ynsette om de rommel op de strannen en dyken gau op te rêden. Of’t se no boargemaster, eilanner, toerist of fan Doeksen en Wagenborg binne. Se dogge it om te helpen en om gruttere skea oan de natoer foar te kommen. Formeel moast juster myn hantekening ûnder in fersyk foar militêre bystân, ynformeel wie al dúdlik dat it ministearje graach meiwurkje woe.

Dêr sjogge we dochs wer de krêft fan de mienskip. Tegearre de hannen út ’e mouwen stekke, foar it hegere doel. Dat is wol in applaus wurdich. Like gau as elkenien yn aksje kaam, wolle we graach dúdlikens hoe’t it no misgean koe mei dit grutte skip. Want alle dagen farre der kontenerskippen boppe de eilannen en sil it noch faak hurd waaie. En ek al ferlieze dy skippen mar in pear prosint fan harren fracht, we sjogge no wer hoe grut de gefolgen wêze kinne.

Werom nei it bysûndere jier 2019. It is hûndert jier ferlyn dat der hjir foar it earst twa froulju yn Provinsjale Steaten kamen: de dames Besuijen en Van Dijk. We krigen yn 1919 algemien kiesrjocht foar manlju en froulju. It wie de berte fan de wiere folksfertsjinwurdiging. Dat hat fan grutte betsjutting west. Want al eamelje we der no wolris oer, elkenien kin fia har of syn stim meidwaan. Dat we dat hjir al hûndert jier ha is bysûnder en moat in ekstra stimulâns wêze om der dit jier gebrûk fan te meitsjen.

Dat kin twa kear, foar fjouwer organen. Op 23 maaie foar it Europeesk Parlemint. Mar earst op 20 maart foar trije saken: foar it wetterskip en foar de Provinsjale Steaten en fia Provinsjale Steaten foar de Earste Keamer. Hjoed binne hjir op ús spesiale útnûging jongerein te gast dy’t dit jier foar it earst of faaks foar de twadde kear stimme meie.

Yn de hal hiene we al musyk fan it Puellae Kwartet, fjouwer jonge froulju mei in soad talint. It boadskip oan de jongerein is dat we ús yn dit hûs besykje yn te setten foar jim takomst. Foar it Fryslân fan hjoed en moarn, fan 2028 en fierder. Dêrby wolle we graach witte wat jim wichtich fine. Dat kin troch fannejûn en op oare momenten mei jim yn petear te gean. Mar jim kinne it sels ek witte litte, troch op 20 maart jim stim út te bringen.

Doch dat, meitsje dêr gebrûk fan. It belang op 20 maart is grut. It giet oer de takomst fan de leefomjouwing en ús lânskip, oer wat it erfskip fan Kulturele Haadstêd no krekt ynhâlde sil, oer hoe’t we de sfear fan ferline jier festhâlde kinne. Dat rekket ús allegear. Dêrom is it dat we soargje moatte dat elkenien dêr in bydrage oan levert troch te stimmen. We moatte it belang fan de ferkiezings ûnderstreekje.

Op de ferkiezingsdei sil dit barre troch in mienskiplike omgong fan de dykgraaf en dizze kommissaris, fan sân oere moarns ôf, lâns stimburo’s yn alle Fryske gemeenten. We binne ien oerheid, ferdield oer meardere ynstânjes, mar we wolle allegearre it bêste foar ús ynwenners, bedriuwen en ynstellings. Dat is ek wat alle partijen ferbynt dy’t dielnimme oan de ferkiezings foar wetterskip en Provinsjale Steaten. ‘It bêste’ is hjir yn Fryslân wol in hiel soad. Yn de Ljouwerter Krante koene we okkerdeis noch lêze dat Friezen it lokkichst binne fan it hiele lân. Dy hege kwaliteit fan libben, dy wolle we hâlde.

Dy wolle we trochjaan oan jim as jongerein. It ôfrûne jier ha we sjen kint hoefolle minsken oan dy kwalitatief heechweardige mienskip bydrage wolle. Alle frijwilligers fan Kulturele Haadstêd ha dêr in rol in spile en dy meie we dêr tankber foar wêze. We witte no hoe’t we hjir in reusachtige tiid ha kinne. Der leit hjir no in prachtige basis foar, wa wit, in nije Gouden Iuw.