Fraksje FNP de Fryske Marren hat noed foar foutbalferiening Renado Sint Nyk

0
576


29-11-2017 SINT NYK – Ofrûne freed is de FNP fraksje op besite west by vvRenado yn Sint Nyk. Dizze fuotbalklup bestiet kommend jier 80. In fuotbalklup mei histoarje.
Yn it ferline is in bysûndere sitewaasje ûntstien: der wie foarnimmen om in fúzje mei VVI (Voetbal Vereniging Idskenhuizen) oan te gean. Dêrom is de folsleine jeugd fanôf seizoen 2009/2010 by-inoar as jeugdfuotbalferiening vv RVC (Renado-VVI-Combinatie).

De fúzje is net trochgien, trochdat VVI him werom lutsen hat Renado en doedestiids VVI ek, binne der fanút gien dat hja op in nij kompleks rekkenje koene nei't de fúzje yn kalk en semint wie. Dit is al wiidweidich besprutsen yn maaie 2015, mei de behanneling fan de notysje knelpunten sportakkomodaasjes “ Meeer dan accomoderen” yn de Ried. Dêrom sil de needsaaklike upwurdearjen fan de akkomodaasje grutendiels êfter bleaun weze. Fansels hat regulier ûnderhâld oan de klaaiboksen wol plakfûn mar gjin grutte ferbouingen.

De klaairomtes binne yn eigendom fan de gemeente' Wy binne mei de foarsitter troch de klaairomtes west. Der binne we bot fan skrokken. De noed is wol heech: yn de klaaiboksen lizze tegeltsjes fan 70 jier lyn, it elektra en leidingwurk is net yn de muorre ferwurke, der is net isolearre en inkeld glês. Dêrby binne de kezynen en doarposten op ferskate plakken ferrotte. 

De grutste fraach fan Renado is; Wer binne we oan ta? De klup soe graach dúdlikheid wolle no't de fúzje net trochgiet. De Fnp fraksje sil jûn oan de wethâlder freegje of de gemeente op de hichte is fan de situaasje by vv Renado, of der in oplossing  komme kin foar de sterk ferâldere klaairomtes , en kin der sprake wêze  fan oername fan de klaairomtes troch vv Renado.?

Graach wolle wy, mar ek  vv Renado witte hoe de feriening fierder moat yn de takomst, no de fúzje net mear troch giet. Kin de feriening op de hjoeddeistige plak bliuwe of is der kâns op in nij sportpark?